Rampeplan foar húsdokters

18 jun 2012 - 17:28

Mei in spesjaal rampeplan moat it yn de takomst dúdlik wurde hoe't húsdokters omgean moatte mei in grutte ramp of epidemy. Ferskate soarch-organisaasjes ha in protokol opsteld mei dêryn de oanpak by bygelyks in útbraak fan in grypfirus. De útbraak fan de Meksikaanske gryp trije jier lyn wie de oanleiding. Wichtich punt is hoe't de ferfanging regele wurdt as medysk personiel sels troffen wurdt troch de gryp. Yn ferskate regio's wurde húsdokters traind neffens it rampeplan. Sy moatte dit wer trochjaan oan oare kollega's.

Trefwurden: 
rampeplan
(advertinsje)
(advertinsje)