UPDATE: 57-jierrige frou ferstoarn by slim ûngelok

04 maaie 2018 - 16:05

In 57-jierrige fytster út Ljouwert is freedtemoarn ferstoarn nei in slim ûngelok yn Ljouwert. Se kaam op de hoeke fan de Ingelskestrjitte en de Harnzerstrjitwei yn botsing mei in frachtwein. Meardere ambulânses, de brânwacht en in traumahelikopter waarden oproppen, mar de helpferliening mocht net mear bate.

It is noch net dúdlik hoe't de oanriding krekt barre koe. De plysje docht hjir ûndersyk nei.

Trefwurden: 
ûngelok Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)