Kollum: "Frede op ierde"

04 maaie 2018 - 07:24

"Jûn betinke we de deaden en ik ha alwer bylden sjoen fan de oarloch. Ik fyn it altyd sa freeslik en it leafste sjoch ik soks net. Al dy ferhalen fan famyljes dy't útelkoar skuord binne, heiten en memmen dy't elkoar en de bern kwytreitsje... soks spilet generaasjes letter noch in grutte rol yn it libben fan de neibesteanden. Ik hoech gjin films te sjen om te begripen hoe wreed en hertferskuorrend dat is.

Mar om dizze tiid hinne is der gjin ûntkommen oan en dat is miskien mar goed ek. We libje net mear yn it ferline, mar wat der doe bard is, bart op oare plakken yn 'e wrâld likegoed noch. Oarloch fiere liket wol fan alle tiden te wêzen, mar ik begryp it net. Al dat geweld en al dy ellinde, en foar wat eins?

Ik ha neat mei machtspultsjes en soe it leafste wolle dat we allegear fredich mei-elkoar libje. Ik tink faak dat it in korrupte binde is en dat de machthawwers dy't elkoar de oarloch ferklearje, úteinlik neat om de slachtoffers jouwe. As in minskelibben yn harren eagen mear wurdich wêze soe, dan kinne je it dochs net oer je hert ferkrije om alles plat te bombardearjen?

Ast yn guon searjes en films sjochst dat kloften manlju eartiids mei swurden en skylden op elkoar yn fleagen, dan sjoch ik in massale slachtpartij. En wat ik dan net goed begryp, is dat se soks hjoeddeis noch moai fine. Ferskate slachfjilden wurde neispile troch folwoeksenen en se fine it machtich.

Us âldste wie fan fan Call of Duty en doe't se lytser wiene, boarten se ek oarlogje. Kompleet mei in soldatepak fan Dick's Dump Store út Ljouwert. Doe't wy ris op fakânsje wiene nei Frankryk, hawwe wy ek op plakken west dy't yn Call of Duty sitte. Dat wie doe hiel yndrukwekkend mar dochs ha ik it idee dat manlju oer it algemien mear fassinearre binne troch oarloch as froulju.

Ik ha eartiids foar it fak Dútsk in boek lêzen oer Mengele. Ik wit net mear hoe't it hjitte mar ik wit noch wol dat der freeslike dingen yn stiene. Bygelyks dat se de skonken fêstbûnen fan in frou dy't in poppe krige, om te sjen wat der dan barre soe. Of dat guon minsken der sa min oan ta wiene dat de rotten yn harren omfrieten. De meast ôfgryslike eksperiminten binne doe útfierd en ik kin dêr by myn folle ferstân net by.

Der rinne in protte sike geasten om op dizze wrâld en as sokken oan 'e macht komme dan hawwe in hiele soad oaren pech. Dat heart wat simpel, mar sa is it wol. En sike geasten binne faak sljocht op macht en geweld. Immen dy't noch net in mich deaslaan kin, sil neffens my nea presidint wurde of yn it leger gean. Dy sil wierskynlik ek net in lân ferdigenje kinne, mar as alle minsken sa wiene, dan wie dat ek net nedich.

Ferdiele en hearskje ... Salang't rassen, religys en lannen tsjin elkoar útspile wurde, sille der noch in soad slachtoffers stjerre yn 'e striid. Slachte en offere foar de gloarje fan in oar. Ik freegje my wolris ôf hoe't it wêze soe as alle soldaten elkoar de hân jaan soene, yn stee fan elkoar de harsens yn te slaan. As Trump en Poetin fjochtsje wolle, dan sykje se it sels mar út. Of lit harren love meitsje yn stee fan war. En fan de War on Terror meitsje we dan de War of Error.

Miskien tink ik fierste simpel, mar frede op ierde liket my in moaie missy ta... wa wol dat no net?"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)