Brânwacht sleept sinkend jacht út Jouster haven

04 maaie 2018 - 07:08

De brânwacht fan De Jouwer hat tongersdei in jacht nei Twellingea slepe moatten om foar te kommen dat it sonk. It skip makke wetter yn in jachthaven oan de Grienedyk. Omdat der gjin kraan yn 'e buert wie om it út it wetter te takeljen, waard it jacht ûnder begelieding fan in blusboat nei Twellingea sleept. Dêr wie wol in kraan om it út it wetter te heljen.

Trefwurden: 
jacht De Jouwer brânwacht
(advertinsje)