Bedriuw yn Wolvegea makket pleisters yn seis hûdskleuren

It yn Wolvegea fêstige bedriuw Koninklijke Utermöhlen komt yn gearwurking mei it Nederlands Albert Schweitzer Fonds (NASF) as earste yn Nederlân mei hûdkleurige pleisters foar seis hûdskleuren. Oant no ta wie soks der allinnich yn ien hûdskleur. De pleisters krije de namme 'Het grotere verband'. De pleisters wurde sûnt dizze wike ferkocht. "Niet iedereen heeft dezelfde huidskleur en wij vinden dat iedereen de pleister moet kunnen plakken van zijn of haar keuze", skriuwt it NASF.
Mei de opbringst wurde lytse sûnenssoarchprojekten yn Afrika betelle.