Drok op ynleverdei fan materiaal út Twadde Wrâldoarloch

04 maaie 2018 - 06:01

It wie tongersdei drok op de ynleverdei fan it Frysk Fersetsmuseum. It doel fan de dei wie om materiaal út de Twadde Wrâldoarloch yn te sammeljen en foar te kommen dat minsken brieven, foto's, films of deiboeken fuortsmite. Oan de ynsammelaksje dienen ek Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, Missing Airmen Memorial Foundation, it Kazemattemuseum Koarnwertersân en it Frysk Film Argyf mei.

Fiif oarlochssaakkundigen sieten klear om it guod yn te sammeljen en te fertellen oer de achtergrûn fan de objekten. Minsken koenen ek harren persoanlike ferhalen fertelle oer it materiaal.

Sunich op materiaal

"Wat we nu binnenkrijgen, zijn dingen van mensen die zeggen: dit moet ik nu echt wegdoen. Maar ze zijn er dan wel zuinig op geweest", fertelt Hans Groeneweg fan it Frysk Fersetsmuseum.

Ferhalen oer it guod

En it giet foaral om de ferhalen, fertelt Otto Kuipers fan Tresoar. "Soms komme minsken mei materiaal dêr't gjin ferhaal by heart. Mar it moaiste is wannear't minsken in dokumint hawwe mei in ferhaal. Sa hie ik in frou oan tafel út Roermond. Sy wie as berntsje fan twa hjir yn Ljouwert telâne kaam. Se hie noch ferskate dingen oer de evakuaasjeperioade."

(advertinsje)