Eksplosive groei fan tal ringslangaaien by Beetstersweach

04 maaie 2018 - 06:44

Der wurde folle mear ringslangaaien fûn by Beetstersweach as ferline jier. De aaien sitte yn broeibulten, dy't troch frijwilligers oanlein binne. Yn ien broeibulte yn de bosk sieten bygelyks wol 1.620 aaien. Dat wiene der ferline jier noch mar 310.

Yn in bulte by it Keningsdjip binne 1.280 aaien fûn. Dat wiene der ferline jier 210 en yn 2016 noch 195.

Landschapsbeheer Friesland sprekt fan in eksplosive groei fan it tal aaien. Hoe't dat krekt kin, is ûndúdlik. It is wol wis dat hieltyd mear ringslangen it paad nei de broeibulten fine. It giet ek relatyf goed mei dizze beskerme soart by Beetstersweach, seit George Meijners fan Landschapsbeheer Friesland.

(advertinsje)
(advertinsje)