Aris twingt beslissende tredde wedstriid ôf nei thriller

It seizoen fan de basketballers fan Aris duorret op syn minst noch ien wedstriid langer. De Ljouwerters wûnen tongersdeitejûn nei in thriller mei 64-56 fan Leiden. Sneon moat in tredde wedstriid foar de beslissing soargje yn de earste ronde fan de play-offs.
Grutte foarsprong
Yn it Kealledykje naam Aris yn de earste twa kwarten in grutte foarsprong. By it skoft stie de ploech fan Tony Van den Bosch mei 37-27 foar. Yn it tredde kwart wie it ferskil op in gegeven momint sels 17 yn it foardiel fan Aris.
Dêrnei kaam Leiden sterk werom. Safier, dat Leiden sels op foarsprong kaam: 52-51.
Fearkrêft
Mar Aris toande fearkrêft. Oan de hân fan center Jeroen van der List namen de Ljouwerters wer it inisjatyf. Mei in pear goede skoares op rige en sterk ferdigenjen pakte Aris dochs de oerwinning.
Van der List hie 16 punten en 8 rebounds, David Michaels 17 en 9. Deividas Kumelis heakke dêr nochris 15 punten, 7 rebounds en 4 assists oan ta.
Tredde wedstriid
Sneon steane de twa ploegen yn Leiden foar de tredde kear tsjinoer inoar. De winner fan dy wedstriid spilet yn de heale finale fan de play-offs tsjin Zwolle.