Sporthynderklinyk Aldeholtpea: "Hynders standert yninte"

03 maaie 2018 - 21:41

Hynders soene standert yninte wurde moatte tsjin rhinopneumonie. Dat seit Marco de Bruijn fan de sporthynderklinyk yn Aldeholtpea. De klinyk is ticht omdat de sykte dêr de kop opstutsen hat. Ien hynder moast dêrom ôfmakke wurde.

Omdat it firus samar opdûke kin, binne maatregels nedich, seit De Bruijn. "Vaccineren is niet sluitend, maar als de gehele populatie gevaccineerd zou zijn, dan zou het virus het een stuk moeilijker hebben om zich snel te verspreiden."

Salang't de besmetting net ûnder kontrôle is, wurde gjin hynders mear oan- of ôffierd by de klinyk yn Aldeholtpea. It bedriuw is no yn karantêne.

(advertinsje)