Utstjoerkrêften PostNL fiere aksje en jouwe petysje yn doaze

Inkelde tsientallen útstjoerkrêften fan PostNL hawwe tongersdeitejûn oan it begjin fan harren tsjinst aksje fierd by de poarte fan it grutte ekspedysjesintrum fan PostNL. De útstjoerkrêften joegen in petysje mei 34 hantekeningen oan direkteur Roger Luijten fan Tempo-Team. De petysje wie ferpakt yn in doaze, om de direkteur fiele te litten hoe swier oft it wurk fan de pakketsortearders is.
"Respekt foar de útstjoerkrêft"
De sortearders easkje gelikense betelling mei de meiwurkers yn fêste tsjinst, in legere wurkdruk, in skjinnere wurkomjouwing en goede wurkklean. Ut namme fan syn kollega's spruts útstjoerkrêft Alle Kramer direkteur Luijten ta. Hy frege om "respekt foar de útstjoerkrêft" en frege ek oandacht foar it grutte tal blessueres as gefolch fan de hege wurkdruk.
Fia it ekspedysjesintrum yn Ljouwert wurdt in soad wyn yn doazen nei klanten yn hiel Nederlân ferstjoerd. By de útstjoerkrêften binne de wyndoazen berucht fanwege it grutte gewicht.
Mooglik ferfolchaksjes
Direkteur Luijten fan Tempo-Team sei ta dat der binnen in pear wike in petear komt mei de útstjoerkrêften en fakbûn FNV.
As it útstjoerburo de útstjoerkrêften net temjitte komme wol, komme der mooglik ferfolchaksjes, sa lit fakbûn FNV witte. Neffens fakbûnsbestjoerder Masja Zwart wurkje de pakketsortearders yn in skynkonstruksje fan tydlike kontrakten en is it folslein net terjochte dat se in leger oerelean krije as neffens de cao fan PostNL. Ek krije de útstjoerkrêften gjin fergoeding foar harren reiskosten en hawwe se gjin fêste wurkroasters.
Ek op oare plakken
Fakbûn FNV is ek dwaande mei fergelykbere aksjes foar útstjoerkrêften yn Kolham, Amersfoort, Waddinxveen, Dordrecht en Goes. Op dy plakken is ûndersyk dien troch de ynspeksje fan it ministearje fan sosjale saken en fêststeld dat de útstjoerkrêften ûnderbetelle wurde. De FNV is dêrom in rjochtsaak begûn tsjin PostNL.
By de aksje yn Ljouwert wie tongersdei ek in delegaasje útstjoerkrêften út it Grinslanner Kolham oanwêzich om harren Fryske kollega's oan te moedigjen. Neffens Masja Zwart fan de FNV melde hieltyd mear útstjoerkrêften harren by it fakbûn as lid. Ek by de aksje yn Ljouwert koe de FNV wer in stikmannich nije leden ynskriuwe.