FIDEO: Protest aksjegroep tsjin leechfleanende fleantugen

03 maaie 2018 - 20:22

De plannen foar it nije Lelystêd Airport bringe ek yn Fryslân ûnrêst mei him mei. In soad minsken meitsje har soargen oer de lûdsoerlêst fan de fleantugen dy't leech oerkomme. De aksjegroep Laagvliegroutes NEE Fryslân protestearret dêrom tongersdeitejûn by it gemeentehûs yn Wolvegea. Mar hoe terjochte binne dy soargen?

Yn Fryslân Hjoed gie it tongersdei oer hóe't de fleantugen aanst oer Fryslân komme sille. Oan tafel sieten deputearre Michiel Schrier en Leonhard Beijderwellen fan Laagvliegroutes NEE Fryslân. Dy aksjegroep fytst tongersdeitejûn fan Munnikebuorren nei Wolvegea ta. Omrop Fryslân wie by de tariedings op dizze demonstraasje.

Op woansdei 30 maaie wurdt der in saneamde 'belevingsvlucht' fan en nei Lelystêd Airport hâlden. Op 1,8 kilometer sil in fleantúch de leechfleanrûtes fleane. Eltsenien kin dan ûnderfine hoe't it klinkt as in fleantúch op dy hichte oerfleant.

(advertinsje)