Soargen CDA oer Asgaard weinommen nei besite

In part fan de soargen fan it Ljouwerter CDA oer keunstnersdoarp Asgaard is weinommen nei in besite. De partij makke him soargen oer de ûntwikkeling en feilichheid fan Asgaard. It CDA hat dêr fragen oer steld oan it kolleezje. Sa tochten de kristendemokraten dat yn it doarp permaninte bewenning plakfynt en dêr is Asgaard net foar bedoeld. Boppedat is it der net netsjes, fine se. Sa groeit der in soad beareklau yn it doarp.
Yllegale bewening falt ta
Fraksjefoarsitter Sytse Brouwer en Yge Valk kamen tongersdei op besite en waarden rûnlaat troch behearder Abel Bobeldijk. Se fregen him wannear't it foar publyk tagonklik is en oft der neist ien oernachtsjende oppasser ek minsken wenje. De yllegale bewenning falt ta, sa die bliken. Somtiden sliept der in keunstner dy't der oan in projekt wurket. Yn it begjin waard der wolris ynbrutsen en sliept troch dakleazen. De beareklau is in taak fan de gemeente sels.
Ferrast troch kolleezjefragen
Wol makket it allegear in ferfallen yndruk, fûnen de CDA'ers. Mar it opknappen moat noch gebeure, sei Bobeldijk. Hy wie ferrast troch de kolleezjefragen fan it CDA en freget him ôf wêrom't se de fragen net earst oan him stelden. Neffens de CDA'ers wie der net ien, doe't se earder te sjen wienen.