Oranje út EK kostet kafee jild

18 jun 2012 - 16:51

De útskeakeling fan it Nederlânsk alvetal op it EK kostet ûndernimmers tûzenen euro's. Foaral kafee-eigeners rinne in soad omset mis no't Nederlân net trochgiet nei de kwartfinale. Kafee Scooter's yn Drachten hat foar it EK nije televyzjeskermen oanskaft. Dy ynvestearring fan 5.000 euro hat him noch net útbetelle.

Winkels en gruthannels binne moandei begûn mei it oprêden fan it oranjeguod. Der is genôch oer. Dat komt letter wol wer ris fan pas mei Keninginnedei bygelyks.

Trefwurden: 
EK fuotbal
(advertinsje)