Bob de Vries en Arjan Stroetinga by ploech fan Anema wei

Bob de Vries © awfoto.nl
Bob de Vries fan De Haule en Arjan Stroetinga fan Wynjewâld ride takom seizoen net mear foar Team Clafis. Dat seit Clafis-direkteur Bert Jonker tsjin it Algemeen Dagblad. De twa kinne harren, lykas Erik Jan Kooiman en Simon Schouten, net fine yn it oanbod fan de ploech.
Tjerk de Boer
By de ploech fan coach Jillert Anema komme ek trije nije reedriders, wêrûnder Tjerk de Boer fan Weidum.
Marijke Groenewoud fan Hallum, dy't in grut diel fan it ôfrûne seizoen miste, en Jorrit Bergsma fan Aldeboarn bliuwe by Team Clafis.