Iris Kroes bringt nije Frysktalige single út: Fjoer yn my

03 maaie 2018 - 17:17

Iris Kroes komt freed mei in nije single. Se liet tongersdei alfêst in stikje hearre yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân fan Omrop Fryslân. Freed is de nije single live te hearren yn it radioprogramma Noardewyn mei Willem de Vries.

Mei twa Grinslanners

"Ik siet yn in húske mei in jacuzzi nûmers te meitsjen en doe ûntstie it idee om ek in Frysk ferske te meitsjen", fertelt Iris. Ik haw it nûmer mei twa jonges út Grinslân makke. Ik haw sels de tekst skreaun. Dêr hawwe se harren net mei bemuoid. De jonges hawwe it produsearre en meispile op de piano. Fierders hawwe wy mei-inoar op de gitaar de melodyen betocht."

'Fjoer yn my'

"Ut it grutte ferskaat oan ferskes foar it nije album moasten wy in geskikte single útsykje. Myn team fûn it nûmer 'Fjoer yn my' moai. Ek omdat yn 2018 Fryslân yn de belangstelling stiet. Dêrom hawwe wy mar besletten dat ik dit jier in Frysktalige single útbring. De fideoklip komt moarn ek út. Dat fyn ik spannend. Bin benijd wat de minsken derfan fine."

Nij album

It ferske is dus ûnderdiel fan it nije album. Iris Kroes is noch yn oerlis hokker nûmers dêrop komme. "It is echt 'kill your darlings'". Se wit ek noch net wannear't it nije album útkomt, Dat kin dit of takom jier wêze. "Dit jier bin ik foaral op singles rjochte", seit se. "De foarige single wie mear uptempo. Dizze is wer 'hielendal Iris'. Sa't de minsken my kenne: as 'dat famke mei de harp.'" 

5 maaie

Wa't Iris Kroes yn aksje sjen wol, kin freed nei de studio fan Omrop Fryslân komme. Fierders stiet se op sneon 5 maaie op it poadium yn Ljouwert mei de Koninklijke Luchtmachtkapel. Alle Fryske artysten dy't ea 5 maaie-ambassadeur west hawwe, sille optrede mei de kapel. Om alfêst te oefenjen wiene Janneke Brakels, Piter Wilkens, Elske DeWall, Vangrail en Twarres nei Gilze-Rijen yn Brabân ôfreizge. 

.

Trefwurden: 
Iris Kroes
(advertinsje)
(advertinsje)