Doku oer fermoarde sjoernaliste op Dei fan de Parsefrijheid

De grutte seal fan Slieker Film yn Ljouwert siet tongersdeitemiddei fol by de fertoaning fan de dokumintêre Daphne. Dy dokumintêre giet oer de op 16 oktober op Malta fermoarde sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. De moard op dy ûndersykssjoernaliste mei in autobom hat foar in soad opskuor soarge. Net allinnich op Malta sels, mar ek tusken de twa kulturele haadstêden fan dit jier, Valletta en Ljouwert-Fryslân.
Kontakten ferbrutsen
De direksjes en bestjoeren fan de kulturele haadstêden ha sels alle kontakten ferbrutsen, omdat de lieding fan Valletta 2018 minder aardige dingen sein hat oer de fermoarde sjoernaliste. De foarsitter fan Valletta 2018 hat der bygelyks foar pleite dat it ûnoffisjele monumint dat foar Caruana Galizia oprjochte is, wer gau ferwidere wurdt. Ek wol Valletta 2018 neat witte fan de dokumintêre dy't tongersdei yn Ljouwert te sjen wie.
Dei fan de Parsefrijheid
De dokumintêre Daphne waard tongersdei fertoand, omdat 3 maaie de Dei fan de Parsefrijheid is. Haadredakteur Sander Warmerdam fan de Ljouwerter Krante fersoarge de ynlieding by de film. Neffens him fertsjinnet de parsefrijheid altiten omtinken. Boppedat wolle yn Fryslân in soad minsken no wol witte hoe't it krekt sit op Malta nei de rebûlje fan de ôfrûne wiken. Mar Warmerdam hat ek krityk op de dokumintêre. Yn de film komme benammen sympatisanten fan Caruana Galizia oan it wurd. Fertsjintwurdigers fan it regear fan Malta komme net yn de dokumintêre foar.
Owen Bonnici
De minister fan kultuer fan Malta, Owen Bonnici, hat sein dat er sa gau as mooglik nei Ljouwert ta komme wol om de politike bannen mei Ljouwert en Fryslân oan te heljen en de Malteeske posysje út te lizzen. Bonnici wol dan ûnder oare mei deputearre Sietske Poepjes prate. It is op dit stuit noch net bekend wannear't dat petear plakfine sil.
De trailer fan de dokumintêre: