Omrop TIP: IepenUP mei kolleezje fan Jan Terlouw

04 maaie 2018 - 16:15

"Zo. Moest jij pompen voor de vijand?", sei de heit fan Jan Terlouw tsjin him, doe't er as lyts jonkje yn oarlochstiid in Dútske soldaat holp by de wetterpomp. Dy sin, sil de âld-politikus nea ferjitte. "Het sneed door mijn kinderzieltje."

It is ien fan de anekdoaten dy't Terlouw fertelde yn it 'Vrijheidscollege' dat hy ôfrûne woansdei fersoarge yn IepenUP Live. By gelegendheid fan de deadebetinking stjoert Omrop Fryslân it kolleezje fan Terlouw freed 4 maaie om 19.00 oere út op telefyzje.

De fijân net as fijân sjen

Oer it begryp frijheid en de kwetsberens derfan, gie de sprekbeurt fan Jan Terlouw. Mar ek oer dilemma's dy't elkenien hat yn oarlochstiid. Yn oarlochstiid is der gjin frijheid, en oarloch kinst foarkomme troch de fijân net mear as fijân te sjen.Yn in grôtfolle seal hold de âld-politikus en romanskriuwer elkenien, jong en âld, yn de besnijing.

Vrijheidscolleges

De 'Vrijheidscolleges' binne in jierlikse searje lêzingen dy't plakfine yn de oanrin nei 5 maaie. De lêzingen binne basearre op de 'Four Freedoms' fan de Amerikaanse president Franklin Delano Roosevelt. Yn Fryslân wurde de 'Vrijheidscolleges' mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân en it Fries Verzetsmuseum. Iepen UP Live is in gearwurking fan LF2018 en Omrop Fryslân.

IepenUP Live mei it 'Vrijheidscollege' fan Terlouw is freed 4 maaie om 19.00 oere te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân. De lêzing is hjirûnder ek te sjen. De folsleine útstjoering fan IepenUp kinne jo werom fine yn Utstjoering Mist.

(advertinsje)