Asylsiker by ferstek feroardiele foar bedriging plysje

03 maaie 2018 - 16:24

In Etiopyske asylsiker dy't yn it AZC yn Drachten in plysjeman mei in skearmes bedrige hat, is by ferstek ta in wike sel feroardiele. De man wie dronken en stie mei it skearmes om te maneuveljen, doe't de plysje deryn kaam. Hy hat letter sein dat er de plysje net bedriigje woe, mar 'de Arabieren', blykber bedoelde er in pear oare bewenners fan it sintrum. Mar de rjochter gie út fan bedriging fan de plysje.

De fertochte is yntusken útset nei Dútslân, omdat er him dêr earder as asylsiker oanmelden hie.

(advertinsje)