UPDATE: Fermiste Dénis Heinen fûn yn Van Harinxmakanaal

03 maaie 2018 - 20:59

De fermiste Dénis Heinen is tongersdeitemiddei yn it Van Harinxmakanaal by Frjentsjer fûn. Hy is om it libben kaam troch ferdrinking. Der binne gjin spoaren fan in misdriuw, meldt de plysje.

De 26-jierrige Heinen út Soest wie sûnt snein fermist. Hy lei mei syn boat yn de Frjentsjerter haven en is dêr yn de nacht fan sneon op snein foar it lêst troch freonen sjoen. Sneintejûn is de plysje ynskeakele. Dy socht sûnt dy tiid nei de fermiste man. Tongersdei waard by dy syktocht ûnder oaren dûkers, sonarapparatuer, in ûnderwetterrobot en speurhûnen brûkt.

(advertinsje)