Ekskuzen Huub Mous oan Tjeerd van Bekkum om wietspuitsjen

Keunstkenner Huub Mous hat syn ekskuzen oanbean oan direkteur Tjeerd van Bekkum fan LF2018. Dat die er foar de bedriging mei in wetterpistoaltsje yn IepenUp Live, twa wiken lyn yn Neushoorn yn Ljouwert.
Daphne Caruana Galizia
Mous kaam ta syn aksje omdat hy it net iens wie mei Van Bekkums reaksje op de wize wêrop't de susterorganisaasje yn Malta omgong mei de moard op de ferneamde Maltese sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. In stânbyld foar dy sjoernaliste yn Malta wie net mear nedich, sa waard sein troch de organisaasje dêr. Van Bekkum woe him dêr yn earste oanset net ynhâldlik oer útlitte. Dat foel net goed by Mous.
Ekskuzen akseptearre
De ekskuzen binne tongersdeitemiddei makke by de fertoaning fan in dokumintêre oer de moard yn Malta. Van Bekkum hat de ekskuzen akseptearre en Huub Mous útnûge foar in petear oer dizze saak om alles nochris út te praten. Yntusken binne alle kontakten tusken Ljouwert 2018 en Malta 2018 beferzen.