Ljouwerter feroardiele ta wurkstraf foar himpplantaazje thús

03 maaie 2018 - 15:45

In man út Ljouwert hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen, omdat er in himpplantaazje yn 'e hûs hie. De kwekerij waard ein ferline jier ûntdutsen.

De man sei dat er gokskulden hie. Minsken dy't jild fan him hawwe moasten, soene him twongen hawwe syn skulden ôf te lossen troch himp te kweken. Dy minsken soene de kwekerij ek oanlein hawwe. De man woe gjin nammen neame, omdat er dan yn de problemen komme soe.

Trefwurden: 
himpplantaazje wurkstraf
(advertinsje)