Boargemaster en doarpsbelang wolle bemiddelje yn Feanwâlden

De aktiviteitekommisje fan Feanwâlden hâldt dermei op en dêr fielt de gemeente Dantumadiel him troch oerfallen. De minsken fan de kommisje ha alle aktiviteiten foar dit jier skrast, omdat se al twa jier bedrige wurde.
Tige spitich
Boargemaster Klaas Agricola fan de gemeente Dantumadiel wol in bemiddeljende rol spylje yn de kwestje fan de opstapte aktiviteitekommisje. De oanhâldende bedrigingen binne de kommisje lang om let tefolle wurden en sy binne opstapt. "Tige spitich", sa fynt boargemaster Agricola, sels ynwenner fan Feanwâlden. "Dit kin gewoan net. It is ferskriklik foar de minsken dy't dit oerkomt."
Yn petear
Hy wist oant tongersdei noch hielendal neat fan de ûntsteane sitewaasje, mar hat tasein dat hy op hiel koarte termyn om de tafel wol mei de leden fan de aktiviteitekommissje om te sjen hokker rol de gemeente yn dizze kwestje spylje kin. "Mar je kinne pas bemiddelje wannear't je witte wa't de oare partij is. Ik sil yn alle gefallen mei de kommisjefoarsitter belje en ik wol in petear hawwe mei it bestjoer."
Hoewol't der sprake is fan bedriging, is der gjin oanjefte dien by de plysje, sa befêstigje sawol plysjewurdfierder Anne van der Meer as boargemaster Agricola.
Doarpsbelang
Ek doarpsbelang-foarsitster Mathilde Hommes fynt de sitewaasje hiel spitich: "It is in ferlies foar it doarp as de aktiviteiten net trochgean."
"Fan fernielingen en bedrigingen hawwe wy noait wat meikrigen", seit Hommes. "De aktiviteitekommisje hie wol altyd in cateraar út it doarp yn de feesttinte. Twa jier lyn net mear. We wisten wol dat dêr wat spul om wie, mar fan de bedrigingen hawwe we dus noait wat heard."
Hommes sil ek kontakt sykje mei de aktiviteitekommisje, om te sjen oft doarpsbelang noch wat betsjutte kin.
Stifting mei bannen mei de cateraar?
Undertusken is yn Feanwâlden in twadde stifting dwaande mei de organisaasje fan festiviteiten. Dy stifting hjit Us Doarp en wie ferantwurdlik foar it feest dat op Keningsdei hâlden is yn Feanwâlden. Ien fan de leden fan Us Doarp soe bannen hawwe mei de cateraar, mei wa't it konflikt úteinlik ûntstean is. Foarsitster Annigje Sikma fan Us Doarp woe Omrop Fryslân net te wurd stean.