"Befarbere fargeul It Amelân is ekonomysk fan belang"
De polityk moat no einlik keuzes meitsje oer it baggerjen fan de fargeul nei It Amelân. Dat seit direkteur Ger van Langen fan rederij Wagenborg. Syn fearboaten hiene woansdei opnij lêst fan in soad fertragingen.
Dat kaam troch in kombinaasje fan in lege wetterstân en de noardeastewyn, mar benammen troch de fargeul dy't hieltyd minder wurdt. En dat nettsjinsteande de jierrenlange lobby fan Wagenborg en de gemeente It Amelân foar in bettere fargeul. Om dy te ferbetterjen moatte de natuerwearden by it baggerjen net langer it útgongspunt wêze, mar de ekonomyske wearden. Van Langen sil dit opnij oankaarte en hopet dat de polityk syn ferantwurdlikens nimt..