UPDATE: Brân yn wenhûs Nes (Dongeradiel) ûnder kontrôle

03 maaie 2018 - 15:39

By de brân yn in âld skoalgebou yn Nes, Dongeradiel is it dak folslein ferlern gien. De rest fan it gebou oan de Haadstrjitte hat in soad skea oprûn. It gebou tsjinnet no as wenhûs.

De brân ûntstie oan it begjin fan de middei, Hoe't dat gebeure koe, is noch net bekend. Neffens de brânwacht binne der gjin minsken mear oanwêzich yn it hûs.

By de brân kaam in protte reek frij. Dêrom rôp de brânwacht omwenners op om doarren en ruten sletten te hâlden.

De brânwacht hie it fjoer in goed oere nei it ûntstean ûnder kontrole.

Trefwurden: 
brân Nes (Dongeradiel)
(advertinsje)
(advertinsje)