Oarlochsferhalen: ûnderdûke jout bân foar it libben

03 maaie 2018 - 14:09

Ferhalen fan minsken dy't de Twadde Wrâldoarloch meimakken, komme der hieltyd minder. Dochs binne se der noch. Faak binne it no jeugdoantinkens fan minsken dy't as bern of jongere de oarloch meimakke hawwe. Se binne no yn de tachtich of njoggentich jier en hawwe ferhalen fan mear as santich jier lyn. As se deroer prate, is it lykwols as wie it juster.

De bân tusken ûnderdûkers en de minsken dy't harren in skûlplak besoarge hawwe, is faak sterk. Mar de freonskip tusken Noor de Haas yn Israël en Siets Postma fan Ferwert is wol útsûnderlik. Sûnt de oarloch, doe't Noor by Siets en har heit en broer Rense ûnderdûkt siet, belje se alle wiken mei-elkoar. Se binne no op jierren, mar faak sochten se elkoar op, yn Israël en yn Fryslân. Siets Postma út Ferwert  is no 102 jier âld en wennet noch altyd selsstannich yn itselde hûs, dêr't Noor by har ûnderdûkt siet. Noor wie 21 en Siets 27. Heit Postma hie in weinmakkerij en Siets wie skoaljuffrou yn Burdaard.

Noor waard troch it ferset mei de trein fan Amsterdam nei Ljouwert brocht. Doe't se dêr oankaam, hie se gjin idee wêr't se wie. It earste wat se seach, wie it Oranjehotel. Dêr wie in buordsje: Voor Joden en honden verboden. Se krigen wat te iten en dêrnei gie it op nei Ferwert ta. Troch de pleatslike dokter Smid kaam Noor by Siets-en-dy yn de hûs. "Ik frege: Wêrom hawwe jimme my útkeazen?" Se hie krekt in razzia achter de rêch. Siets sei: "Do bist fan it beloofde folk." Doe't Noor sei dat se gjin jild hie, reagearre Siets sa: "Dêr doch ik net foar." Yn dy tiid wiene der in soad Joaden dy't grou jild deltelden foar in ûnderdûkadres. "Ik kin dizze minsken net ferjitte troch de dingen dy't se sein hawwe."

Razzia yn Ferwert

Der wiene folle mear ûnderdûkers yn Ferwert. Op in stuit wie it hiele doarp omsingele troch twahûndert Dútske soldaten. Ien kaam by Siets-en-dy yn de hûs. Noor lei al op bêd. "De Dútser gie nei it bedstee, luts de doar iepen en sei 'Auf'. "Se kaam omheech en sei: "Ich bin krank. Ich habe Schmerzen. Ich bin so krank." No wiene de Dútsers deadsbenaud foar besmetlike sykten. Hy smiet de tekken der wer op. Doe haw ik in tankgebedsje opsein", seit Siets.

Yad Vashem

Yn 1971 krigen Siets, har heit en har broer yn Israel de Yad Vashem-ûnderskieding. Tegearre mei Noor plante se in beamke dat by de ûnderskieding heart, yn de Leane fan de Rjochtfeardigen. Noor hat tweintich famyljeleden ferlern yn de oarloch.

Bang

Noor hat oan de oarloch in libbenslange eangst oerhâlden. Dy freeslike hate kin ik net begripe. Ik bin net bang foar mysels, mar foar myn bern en myn bernsbern. Ik sis altyd: Jimme kinne gean wêr't jimme wolle, mar soargje der wol foar dat jimme net ôfhinklik wurde fan oare folken.

(advertinsje)