Hynsteklinyk Aldeholtpea ticht om besmetlik firus
Fanwegen in besmetlik firus is de Sporthynderklinyk yn Aldeholtpea fuortendaliks sletten. Der wurde gjin hynders mear oan- of ôffierd oant de útbraak fan it firus folslein ûnder kontrôle is.
Ien fan de hynders op de klinyk hat in neurologyske foarm fan rhinopneumonie. Hynders kinne dêrtroch ferlamme reitsje.