Gearwurking plysje en bedriuwen tsjin cybercrime

03 maaie 2018 - 13:39

De plysje Noard-Nederlân sil yn de striid tsjin cyberkriminaliteit mear gearwurkje mei spesjalisearre bedriuwen, lykas it-bedriuwen, en it ûnderwiis. Soks kin op de lange termyn liede ta in saneamd Digital Trustcenter. Plakferfangend plysjesjef Ronald Zwarter soe dat in hiel goed idee fine en stimulearret dit soarte bedriuwen om dat ek te dwaan. Organisaasjes lykas VNO-NCW soene dêr de regy oer fiere kinne. De plysje en de bedriuwen hoopje troch mear gear te wurkjen, de opdiene kennis ienfâldiger te dielen en cybercrime rapper oan te pakken.

Neffens Zwarter is yn it noarden fan it lân in soad potinsje om cybercrime op te lossen. Hy hat dan ek in protte fertrouwen yn de nije gearwurking.

(advertinsje)