Ljouwert organisearret ynternasjonale waadkonferinsje

03 maaie 2018 - 12:04

Ljouwert is op 17 en 18 maaie it toaniel fan in grutte ynternasjonale waadkonferinsje. Ministers út Nederlân, Dútslân en Denemarken prate dêr oer de beskerming fan it waadgebiet. De ôfspraken wurde fêstlein yn it Ferdrach fan Ljouwert.

Neist de Denen en de Dútsers binne der ek delegaasjes út Súd-Koreä en Mauritanië, dy't fergelykbere natuergebieten ha. Mei dizze lannen wurdt gearwurke op it mêd fan fûgelmigraasje en edukaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)