Harkemase Boys fersterket him mei linksback Joris Voest

Joris Voest © PWFoto.nl
Joris Voest is foar it kommende fuotbalseizoen de nije linksback fan Harkemase Boys. Hy komt fan FC Emmen. De 23-jierrige Voest is berne op Skylge en grutbrocht yn Ruinerwold (Drinte). Hy spile earder by de jeugd fan SC Hearrenfean. Voest learde dêr Tieme Klompe kennen, dy't takom seizoen de trainer is fan Harkemase Boys.
Earder makke Harkemase Boys bekend dat Jari Slort en Willem Huizing tenei op sportpark De Bosk fuotbalje.