It Amelân krijt in jier lang in waarnimmend boargemaster

03 maaie 2018 - 11:19

It Amelân krijt nei it fertrek fan boargemaster Albert de Hoop mei yngong fan 1 july in waarnimmend boargemaster. Dy bliuwt yn elts gefal in jier. Dat hat kommissaris fan de Kening Arno Brok mei de gemeenteried ôfpraat. De tydlike boargemaster moat foaral foar rêst soargje op it eilân, dat in soad politike ûnrêst hân hat.

As de politike stabiliteit oer in jier werom is, wurdt sjoen nei de proseduere foar in nije boargemaster. De Hoop is tolve jier boargemaster west en is dêrmei de langstsittende boargemaster nei de oarloch. Hy nimt ein juny ôfskied.

(advertinsje)