UPDATE: Grutte stroomsteuring yn Drachten is foarby

03 maaie 2018 - 12:47

De grutte stroomsteuring yn it sintrum fan Drachten is foarby. Neffens netbehearder Liander wie de steuring om healwei ienen oplost. Sa'n 12.000 húshâldens yn Drachten sieten sûnt tongersdeitemoarn sûnder stroom. Ek winkels, it gemeentehûs en it swimbad hiene lêst fan de steuring. 

It gie neffens Liander om in 'spontane storing'.

Trefwurden: 
stroomsteuring Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)