Resinsje: Wereldburgers van de Voorstreek: "Sjen nei elkoar"

03 maaie 2018 - 11:10

Ljouwert is dit jier Kulturele Haadstêd fan Europa en dus binne der yn de provinsje in soad kulturele eveneminten op it mêd fan teater, muzyk en keunst. Wy stjoere ús ferslachjouwers as resinsint nei in ferskaat fan dizze foarstellings.

Wa bisto?
Karen Bies.

Wat dochst by de omrop?
Ik bin kultuerredakteur.

Wat hasto mei kultuer?
Kultuer makket de wrâld moaier. Dêrom wol ik dat safolle mooglik ûnder de oandacht bringe.

Wêr hasto hinne west?
Wereldburgers van de Voorstreek, fan Tryater.

Hoefolle stjerren?
Fjouwer.


De Foarstreek dêr't it stik plakfynt.

Resinsje: 'Wereldburgers van de Voorstreek: Sjen nei elkoar'
Yn it jier 1830 heardest hjir klikkende hynders, ratteljende karren, rôljende biertonnen, fiskferkeapers en seefûgels. Ik lês de histoarje yn it krantsje 'Wereldburgers van de Voorstreek'. Hjoed rin ik oer de Foarstreek en hear ik de lûden. Ratteljende fytsen, knetterjende scooters, hiphopmuzyk út in auto. De Bonifatiustoer slacht sân kear. In famke ropt: 'Hee, er staat eens géén rij voor La Venezia!' Dy seefûgels, dy binne der noch altyd.

'Dit is mien stad, mien liefde, mien klup.' Haadpersoan Raymond, in Liwwadder jonge, wurdt wekker op de Foarstreek en rekket yn gesprek mei minsken. Undernimmers fan de Perzyske tapythannel, de massaazjesalon ('géén happy ending!'), de blommewinkel, de Afroshop en de knopewinkel fan Jagersma. Sy fertelle him wat der gebeurd is, fannacht hjir op strjitte, en eartiids yn har eigen libben. Minsken oeral wei, dy't oait yn Ljouwert bedarren en hjir oan de Foarstreek in plakje fûn hawwe. Yn 't wylde wei en njonken elkoar, elk mei syn kultuer. Mar ek al binne se net gelyk, se binne wol itselde. Se ha allegear in heit en in mem, se witte wat leafde is en fertriet. Raymond heart dat de tapythanneler al yn 1983 mei syn saak oan de gong wie, fier foardat hysels berne wie. En dan freget hy him terjochte ôf: 'Wie is hier nu de Liwwadder?'

Kollaazje fan flarden
Tryater riedt dy oan op 'e tiid te kommen, want dan kinst noch efkes de eksposysje besjen dy't by de foarstelling heart. Of de ynterviews lêze mei de bewenners fan de Foarstreek. Dat is yndied wol handich; it helpt dy in ein op wei yn de foarstelling. De gesprekken tusken Tamara Schoppert, Raymond Muller, Nynke Heeg en Beppe Costa binne net altyd maklik te folgjen. Se spylje in ferskaat oan minsken mei allerhande aksinten. It binne fragminten fan ferhalen, mei sa no en dan in heftige oneliner dy't dy oan it tinken set. It binne ôfskuorde flarden en raffels. Mei de muzyk fan Beppe Costa wurde se oan elkoar en oer elkoar hinne lime, en foarmje se in kollaazje fan de Foarstreek.


Beppe Costa makket muzyk.

De strjitte as haadpersoan
It dekôr en tagelyk de échte haadpersoan, is de Foarstreek sels. Troch de grutte ruten krijt it publyk der in foarstelling by. Dat wy yn de eardere winkel fan Bever Sport sitte is gjin tafal, want bûtendoar falt noch mear te belibjen. Foarbygongers binne figurant, soms sûnder it te witten. In hûn wurdt yn in auto laden, in famke stept foarby. In jonge tôget in waskmasine, in frou sleept in grutte plant, platebaas Wobbe van Seijen stekt de hân op. Mar it measte is net regissearre. Slingerjende famkes op 'e fyts sjogge nijsgjirrich nei binnen en falle hast om. In bern wiist nei ús en laket. In man mei in hoed bliuwt stean en draait in sjekje.

Geandewei wurde de rollen oars ferdield. Wurde wy, publyk en spilers, it dekôr fan it toaniel op strjitte. Myn eagen dwale faker nei bûten ta. Wat de akteurs sizze is nijsgjirrich, mar de minsken bûtendoar binne ynteressanter. Sy sjogge nei ús, wy sjogge nei harren en hoe letter oft it wurdt, hoe leuker. De muzyk en de ferhalen meitsje myn gedachten los, ik lit alles wat der gebeurt oer my hinne komme. Ik tink net oan mysels, ik sjoch nei de oaren. Raymond sei it: 'Wa bin ik, as ik de oar net ken?'

Ik hie in moaie jûn. 'Wereldburgers van de Voorstreek' is gewoan in goede foarstelling op de perfekte lokaasje, mei leafde makke. De fjirde stjer is foar Beppe Costa mei al syn ynstruminten en syn prachtige muzyk. Hy lit de oare spilers spylje. Hy ís muzyk. Wat in grut man.
 

(advertinsje)