Syktocht mei sonar, hûnen en wetterrobot nei fermiste Dénis

03 maaie 2018 - 10:37

De plysje siket tongersdei yn Frjentsjer op 'e nij manmachtich nei de sûnt sneintemoarn fermiste Dénis Heinen út Soest. By de sykaksje wurde dûkers, sonar, in ûnderwetterrobot en in helikopter ynset. Der wurdt benammen socht yn de haven fan de Frentsjerter Wettersport Feriening oan de Frisia en yn it Van Harinxmakanaal.

De 26-jierrige Heinen út Soest lei mei syn boat yn de haven en is dêr yn de nacht fan sneon op snein foar it lêst troch freonen sjoen. Sneintejûn is de plysje ynskeakele. Dy siket sûnt dy tiid nei de fermiste man.

De haven is ûnder de syktocht ôfsletten foar de feiligens fan de dûkers. It skipfeartferkear op it kanaal wurdt regele.

(advertinsje)
(advertinsje)