Opskuor oer ferjitten toeristebelesting Ljouwerter festivals

03 maaie 2018 - 09:28

De fraksje fan Lijst058 is ferbjustere dat de gemeente Ljouwert ferjitten is om de grutte festivals yn it Griene Stjergebiet te ynformearjen dat se toeristebelesting betelje moatte. De fraksje wol no witte hoe't dit kin, wa't ferantwurdlik is en wat dit de gemeente kostet. It giet benammen om de festivals Welcome to the Village en Psy-Fi. Dy soene tûzenen euro's oan toeristebelesting betelje moatte.

De gemeenteried besleat ferline jier om de belesting fuortendaliks yn te fieren. Hotels en jachthavens waarden wol op de hichte brocht, mar de festivals net. Dy driigje no út Ljouwert fuort te gean.

(advertinsje)