Kollum: "Geen 4 mei voor mij"

"Der is wat nuvers oan 'e hân mei de deadebetinking fan 4 maaie. Hjir yn Amsterdam wolle aktivisten de twa minuten stilte by de Nationale Herdenking fersteure, om't se fine dat der oarlochsmisdiedigers betocht wurde. De aksjegroep hjit 'Geen 4 mei voor Mij', en hat in facebookside dêr't se in 'evenemint' oanmakke ha, mei as tiidstip 4 maaie fan acht oere jûns oant twa minuten oer achten, en lokaasje De Dam.
Dat is in raar plan. It is dan ek ferbean troch de waarnimmend boargemaster Van Aartsen. Mar de aktivisten ha no in rjochtsaak oanspand om dochs demonstrearje te kinnen. It liket my kânsleas. En hiel raar dus. In protte sympaty is der ek net foar; op Twitter wurde se ôfmakke.
Wêr giet it de aktivisten om? Se fine dat it by de betinking net allinnich om de striders foar frijheid en slachtoffers fan oarloggen giet, mar ek om dieders fan koloniaal geweld. Ik ha de webside fan it 'Nationaal Comité 4 en 5 mei' der nochris op neislein. Der stiet frij krekt útlein wa't der betocht wurde. Ik lês in tekst dy't ik werken, om't er nammentlik elk jier foarlêzen wurdt:
'Tijdens de Nationale Herdenking herdenken we de Nederlandse slachtoffers van de Tweede Wereldoorlog en oorlogssituaties en vredesmissies nadien.'
Fierderop op de side stiet it diel 'Nederlandse slachtoffers' nochris taljochte:
'Tijdens de Nationale Herdenking herdenken we de slachtoffers van het Koninkrijk der Nederlanden. We herdenken geen daders.'
Geen daders. Dúdliker kin it hast net wêze. Mar no komt it: de aktivisten rjochtsje harren op wat wy kenne as 'politionele acties' yn Yndonezië, koart nei de Twadde Wrâldoarloch. Neffens de aktivisten binne by de Indonesische Nationale Revolutie 150.000 moslims omkommen, dy't op dat momint noch altyd Nederlanners wiene. Pas by it ein fan de revolúsje, op 27 desimber 1949, erkende Nederlân de steat Yndonezië, dus op himsels kloppet dat.
De aktivisten fine dat dit ek oarlochsslachtoffers binne, mar dat dy by de Nationale Herdenking net memorearre wurde. En dan moat ik sizze dat se in punt hawwe, al wit ik net of de Yndonezyske fallen striders der wiis mei wêze soene dat se mei weromwurkjende krêft, ûnder harren striid tsjin Nederlân, nochris ta 'Nederlanner' bestimpele wurde. Ek freegje ik my ôf of in Yndonezyske revolúsjonêr tegearre mei fallen Nederlânske soldaten betocht wurde wol.
Dat der yn Yndonezië koart nei de Twadde Wrâldoarloch dingen bard binne dêr't we no net grutsk op werom sjen kinne, dat is yntusken wol dúdlik. Dat Yndonezië as steat erkend waard, kaam foaral troch ynternasjonale druk, en net troch rjochtfeardigens, of in oerwinning of yntrospeksje fan Nederlân. Dus nee, dêr kinne gjin flaggen foar wapperje.
Mar dêr wapperje ek gjin flaggen foar op 4 maaie. 'We herdenken geen daders'. Dizze diskusje rekket twa iepen senuwen fan ús Nederlanners: dy fan de besetting troch de Nazi's, en dy fan de 'politionele acties'. We skriuwe noch altyd oan it ferslach fan dy skiednis. Sa'n senuw oanreitsje, soarget foar in reaksje. Dat ha de aktivisten dus hiel goed sjoen, al tink ik dat se harren doel folslein foarbysjitte mei harren rare plan.
Hoe âlder ik wurd, hoe mear ik sjoch dat de wrâld en de minske in oanienskeakeling fan ferwarrende ynkonsistinsjes is. Allinnich mei flinke ôfstân besjoen, kinst yn de skiednis in grutte line ûntdekke. Sa'n grutte line is 'goed' of 'fout' yn 'e oarloch. Griistinten jouwe betizing, wylst dy der wol wiene. Dat jildt ek foar de skiednis fan Yndonezië; we neame dat graach 'politionele acties', yn plak fan in oarloch. En dêrmei binne de slachtoffers dêrfan ek gjin oarlochsslachtoffers, dus hoege we se ek net te betinken as 'gevallen landgenoten' op 4 maaie. Ek al sit dêr op detailnivo besjoen wat net goed.
Ik fyn dat der mear praat wurde moat oer wat der yn Yndonezië bard is. Mar ik fyn net dat der fûneminteel wat mis is mei grutte linen; it jout hâldfêst en foarkomt betizing. De oankundige lawaai-aksje op 4 maaie om acht oere jûns ûnder de twa minuten stilte jout betizing. Mar mei it asjebleaft by in oankundiging bliuwe?"