"Kuierders net mear nei de Froskepôlle om losrinnende hûnen"

Minsken doarre net mear nei de Froskepôlle yn Ljouwert út eangst foar de losrinnende hûnen dêr. Dat seit Berend te Biesebeek fan de wurkgroep Froskepôlle fan de Bedriuweferiening De Hemrik.
De Froskepôlle is in eilantsje oan de râne fan it bedriuwsterrein dat yn it ferline in soad brûkt waard as rekreaasjegebiet. De lêste jierren is it lykwols mear en mear in gebiet wurden foar hûneleafhawwers. En om't dy harren hûnen faak los rinne litte, sels op de plakken op it eilân dêr't dat net mei, binne der in soad oare kuierders dy't no net mear komme.
De wurkgroep Froskepôlle trunet der al jierren by de gemeente op oan om maatregels te nimmen om it fertutearzjen fan it gebiet tsjin te gean, mar neffens Te Biesebeek wol de gemeente dêr gjin jild yn stekke.