Soad belangstelling foar Jan Terlouw yn IepenUP

86 jier is er al, mar noch hieltyd lûkt Jan Terlouw folle sealen. Mear as 250 minsken kamen woansdeitejûn nei IepenUP Live yn Neushoorn, dêr't de âld-politikus in 'Vrijheidscollege' joech. Terlouw wist mei syn lêzing jong en âld yn de besnijing te hâlden.
Terlouws kolleezje gie oer de frijheid en de kwetsberens dêrfan. Tagelyk wie syn wichtichste boadskip dat we better omgean moatte mei de natoer en it miljeu. Neffens Terlouw hawwe wy te min yn de gaten dat it misgiet as we net gau maatregels nimme. Hy pleitet foar in "samenleving", mei de klam op "samen", wêryn't we tegearre de skouders derûnder sette moatte.
It kolleezje en de fragen en opmerkings út de seal binne hjirûnder te sjen (of klik hjir om nei YouTube ta te gean).