Net genôch wetter ûnder fearboat fan en nei It Amelân

02 maaie 2018 - 21:46

De fearboaten fan en nei It Amelân hienen woansdei bot lêst fan fertraging. Neffens Wagenborg Passagiersdiensten kaam dat omdat der net genôch wetter ûnder de boat siet om op folle krêft farre te kinnen. De hiele dei wie der sprake fan fertraging fan sawat in heal oere. Dy rûn tsjin de jûntiid op. De lêste boat fan it eilân hie in fertraging fan njoggentich minuten.

Trefwurden: 
It Amelân fearboat
(advertinsje)
(advertinsje)