Wurksumheden oan A6

18 jun 2012 - 16:07

Automobilisten moatte fan 23 juny oant 9 july rekken hâlde mei opûnthâld op de A6 fan Eastersee nei Sint Nyk. Yn de jûnsoeren en yn it wykein sil dêr wurke wurde oan de dyk. Der is mar ien rydstrook beskikber foar it ferkear. Op wurkdagen binne oerdeis twa rydbanen beskikber, mar dizze binne wol fan inoar skieden. Der mei net hurder as 70 kilometer yn 'e oere riden wurde.

Trefwurden: 
wurksumheden
(advertinsje)