Manon Kamminga de sterkste yn de 'Klim van Steenwijk'

02 maaie 2018 - 21:20

Manon Kamminga hat woansdei de twadde skeelerwedstriid om de KNSB Maraton Cup wûn. De 26-jierrige Haulerwykster kaam yn Stienwyk as earste oer de streek, foar de Kolombiaanske Aura Quintana Herrera. It tredde plak wie ek foar in skeeleneur út Kolombia: Luz Karime Garzón, in ploechgenoat fan Kamminga en mearfâldich wrâldkampioen. De wedstriid yn Stienwyk is swier en hat de namme "De Klim van Steenwijk".

By de manlju wie gjin Frysk sukses. Gary Hekman wûn, foar de Belch Bart Swings en de Bask Patxi Peula. Crispijn Ariëns fan Wolvegea kaam as fjirde oer de streek.

De earste wedstriid om de KNSB Maraton Cup wie ferline wike yn Oldebroek. Doe wienen Bianca Roosenboom en Crispijn Ariëns de winners. Oer in moanne is yn Achterveld de tredde wedstriid.

(advertinsje)
(advertinsje)