Stroomtried yn Aldeholtpea tsjin leechrôvjen ljippenêsten

02 maaie 2018 - 21:03

De Fûgelwacht fan Aldeholtpea set dit jier stroomtried yn om foar te kommen dat de ljippenêsten leechrôve wurde. It stroomtried beskermet sûnt dizze wike trije nêsten. De fûgelwacht tinkt op dizze wize foksen en oare rôfdieren ôf te skrikken.

It stroomtried is earder ek brûkt. Dat holp doe wol tsjin de foksen, mar net tsjin de swarte krie. Foarich jier binne in soad pykjes dochs pakt, flak foar't se út it aai kamen. Dit jier hopet de fûgelwacht dat mei help fan it stroomtried mear jonge ljippen yn libben bliuwe.

(advertinsje)
(advertinsje)