Flaggen foar omtinken oan oare plakken yn Smellingerlân

02 maaie 2018 - 20:07

De flaggen fan acht doarpen fan Smellingerlân hingje de kommende dagen om bar oan de flaggemêsten fan it gemeentehûs yn Drachten. Dit op inisjatyf fan de Flitsgroep. Woansdei hinget de flagge fan Nyegea yn top en de kommende dagen folgje De Rottefalle, Drachtsterkompenije, De Wylgen en Smelle Ie, Boarnburgum en Koartehimmen en as lêste De Tike.

De Flitsgroep is in groep dy't mei ludike aksjes omtinken freegje wol foar dingen dy't mis binne yn de gemeente. Neffens dizze aksjegroep tinkt Smellingerlân net goed om har doarpen en giet der tefolle oandacht nei Drachten. Neist de flaggen wurde der ek nep-nijsberjochten ferspraat troch de aksjegroep om de problemen dy't yn de doarpen spylje ûnder de oandacht te bringen.

(advertinsje)