Feestje op Flylân: 70 jier sûnt de earste sjitoefeningen

02 maaie 2018 - 19:39

It is woansdei eksakt 70 jier lyn dat de earste offisjele sjitoefeningen holden waarden op it oefenterrein de Vliehors op Flylân. Foar definsje is dat reden foar in feest. Sa wie der woansdeitemiddei in barbecue foar personiel en gasten.

Majoar Pieter Bruinink wurket al 20 jier op de Vliehors. Hy seit dat de ynwenners fan Flylân yn dy 70 jier hielendal wend rekke binne oan it oefenterrein: "Vlieland is dus al zeventig jaar gastheer. Vooral in de hoogtijdagen, toen defensie nog veel meer aanwezig was, was er een bezetting van ongeveer zestig man. Die woonden met hun gezinnen op Vlieland. In de jaren zestig en zeventig was het nog niet zo toeristisch. Defensie was toen een van de grootste werkgevers op Vlieland."

En definsje tinkt ek om de natuer fan it waadeilân. "We zijn zeer betrokken bij de flora en fauna op Vlieland", fertelt Bruinink. "We zorgen dat bepaalde oefeningen niet doorgaan tijdens bijvoorbeeld broedseizoenen, of als er vogels of planten in gevaar zouden komen."

(advertinsje)