Bachbibel leit by boekhannel op It Hearrenfean

02 maaie 2018 - 19:20

Wa't de bibel fan Johann Sebastiaan Bach wolris trochblêdzje wol, kin fan no ôf telâne by boekhannel Binnert Overdiep op It Hearrenfean. Dêr leit de 5.000 siden dikke bibel te keap, ynklusyf de notysjes dy't de komponist deryn makke hat en de flekken dy't der troch it gebrûk en de leeftiid yn kaam binne.

It eksimplaar dat by Overdiep leit is lykwols net echt, mar in eksakte kopy fan it orizjineel. De kopy is makke troch útjouwerij Van Wijnen út Frjentsjer. Goedkeap is de Bachbibel net. Wa't him keapje wol, moat 4.800 euro meinimme. Yn totaal wurde der 1.000 eksimplaren makke.

(advertinsje)
(advertinsje)