Ferlies foar Sander Arends yn ATP-toernoai Estoril

02 maaie 2018 - 18:01

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is yn de earste ronde fan it ATP-toernoai yn it Portugeeske Estoril útskeakele yn it dûbelspul. It Frânsk/Britske duo Jonathan Eysseric en Joe Salisbury wienen te sterk foar Arends en syn maat Adil Shamasdin út Kanada.

De earste set gie mei 6-3 nei Eysseric en Salisbury, mar dêrnei dienen Arends en Shamasdin it better. De twadde set gie mei deselde sifers nei de Ljouwerter en de Kanadees. De beslissende supertiebreak wie lykwols wer foar Eysseric en Salisbury: 10-6. Dy spylje yn de kwartfinale tsjin it as earste pleatste duo Peers/Rojer.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)