180.000 euro foar enerzjysunige gemeentlike gebouwen SWF

02 maaie 2018 - 17:51

Súdwest-Fryslân lûkt in lytse 180.000 euro út foar it enerzjysunich meitsjen fan de gebouwen fan de gemeente. Sa krije trije toiletgebouwen in eigen waarmtepompboiler, sadat der gjin gasoansluting mear nedich is. Op in soad oare gebouwen komme sinnepanielen. Mei-elkoar giet it wol om 400 panielen, dy't op gemeentlike gebouwen yn bygelyks Snits, Boalsert, Wytmarsum en Warkum komme.

Earder al naam Súdwest-Fryslân it beslút om sinnepanielen te ynstallearjen op de dakken fan fjouwer grutte sporthallen, yn Boalsert, Drylts en twa yn Snits. Foar doarpshûzen rint al in projekt om ek op dy dakken sinnepanielen te pleatsen.

Twa wiken lyn makke de gemeente al it begjin mei it miljeufreonliker meitsjen fan de gemeentlike auto's.

(advertinsje)