Les oer grêftrommels opknappe

18 jun 2012 - 15:58

Learlingen fan it AOC Fryslân sille yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert grêftrommels restaurearje. Grêftrommels binne metalen bakken dy't mei in glêsplaat ôfsluten binne. Hjiryn sitte faak keunstblommen of blommen fan porselein.

By in ynventarisaasje die bliken dat der op Ljouwerter hôven sa'n 40 grêftrommels binne. In protte fan dit soart grêftrommels binne yn de rin fan de jierren slim fertutearze. De learlingen sille dizze no yn de lessen opknappe.

Trefwurden: 
grêftrommel
(advertinsje)