Undernimmers meie plan betinke foar ferkeap op strjitte

02 maaie 2018 - 16:58

Undernimmers yn de Kleine Kerkstraat yn Ljouwert meie in plan betinke dêr't de ferkeap op strjitte dochs mooglik yn is. Ferline wike krige ûndernimmer Anton Klapwijk fan de Zuivelhoeve te hearren dat hy ophâlde moat mei de ferkeap fan produkten op strjitte. Ferkeap by stands is yn de strjitte ferbean. Klapwijk docht dat al by ien fan syn stands foar de winkel. Klapwijk fynt dat de regels ferromme wurde moatte, omdat it de gesellichheid yn de stêd fergruttet.

De gemeente giet dêr no yn mei. As de ûndernimmers in plan betinke kinne dat rekken hâldt mei de feiligens en ek soarget foar gesellichheid, dan kin de strjitferkeap mooglik trochgean. Kommende tiisdei prate de ûndernimmers fan de Kleine Kerkstraat dêroer mei wethâlder Herwil van Gelder.

(advertinsje)