Boargemaster slút wenhûs yn Berltsum ôf foar in jier

02 maaie 2018 - 16:57

Yn Berltsum hat boargemaster Hayo Apotheker ferline wike woansdei in wenhûs foar in perioade fan in jier ôfsletten. Dat hat de gemeente Waadhoeke woansdeitemiddei bekendmakke. Neffens de gemeente hat de plysje op 15 maart fan dit jier yn de wenning drugs oantroffen. Doe waard flink wat hard- en softdrugs fûn.

De wenning kin sletten wurde op grûn fan de opiumwet, seit de gemeente. De boargemaster hopet dat de feiligens en de leefberens yn Berltsum ferbetterje troch it wenhûs te sluten.

Trefwurden: 
Berltsum drugs
(advertinsje)