Motorplysje giet ûnderút op N380 by Donkerbroek

02 maaie 2018 - 16:14

Op de N380 by Donkerbroek is woansdeitemiddei in motorplysje ûnderút gien. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik. De motorrider is ferwûne rekke, sa seit de plysje op Twitter. In traumahelikopter is oproppen om it ambulânsepersoniel te stypjen. De motorplysje is nei it sikehûs brocht. De plysje is dwaande mei in ûndersyk nei wat der bard is.

Trefwurden: 
N380 motorplysje
(advertinsje)